FIDEO: Roel Vriesema by De Leien
Boskwachter Roel Vriesema giet werom nei it gebiet dêr't it fyftich jier lyn foar him as boeresoan begûn. It bûtlân oan de Leien by Eastermar ynspirearre him om mei de natuer oan de slach te gean. Yn ús natoerrige 'De Stille Genieter' sjogge wy hoe't it gebiet der hjoed-de-dei hinne leit.