Ried fan Steat set streek troch nijbouplan pensjon op West

18 okt 2017 - 12:33
Skylge - Foto: Omrop Fryslân

Pensjon De Holland op West op Skylge moat wer mei de gemeente om tafel om tastimming foar in nijbouplan te krijen. Dat is nedich om't de Ried fan Steat gjin romte sjocht om in bestimmingsplan foar it pensjon goed te karren. De Ried is it iens mei de gemeenteried dy't earder al wegere om it bestimmingsplan goed te karren om't se it bouplan te heech en te massaal fûnen. It restaurant soe fierstente grut wurde en in terras oan de kant fan de Willem Barentszkade wol de gemeente ek net. Ek hat de gemeente twivels oer in ûndergrûnske fytsferhierkelder. It bouplan soe ek net passe yn de skyline fan West.

De steatsried is it mei de gemeente iens en seit dat it bouplan foar in part it sicht op de bebouwing achter de Willem Barentszkade fuortnimme soe. Dizze útspraak falt Martin Boekeloo ôf, hy is de nije eigener fan it pensjon en de fytseferhier. Hy sil mei in leger en minder massaal bouplan komme moatte. It nijbouplan komt foar in grut part by de eardere eigener Haantjes wei. Dy wie al hast 15 jier dwaande mei in bouplan foar De Holland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)