Stichting Bildtse Belangen krijt Bildtse Kultuurpriis 2017

18 okt 2017 - 12:14
Foto: Omrop Fryslân

Stichting Bildtse Belangen krijt de Bildtse Kultuurpriis 2017. De stichting operearret benammen op de achtergrûn en set him mei hert en siel yn foar de Biltske taal en kultuer. De organisaasje is as fûns begûn út de resten fan de Bildtse Bank en stipet in ferskaat oan Biltske projekten.

No't de gemeente It Bilt takom jier opgiet yn de gemeente Waadhoeke hopet de sjuery dat de Stichting Bildtse Belangen syn wurk dwaan bliuwt, lykas it stypjen fan Biltske projekten dy't bydrage oan de leefberheid op It Bilt en it libben fan de Biltske taal en kultuer en dêr't in soad Bilkerts fan profitearje. De sjuery ropt op om de Bildtse Kultuurpriis nei dit jier ek yn libben te hâlden.

Oeuvrepriis

De gemeente It Bilt rikt ek foar ien kear in kulturele oeuvrepriis út. Dy giet nei Geertje Wijmenga-van Dijk foar al it wurk dat se dien hat foar de Biltske taal en kultuer. Ek al is se yn de tachtich, se skriuwt noch kollums foar ûnder oare De Bildtse Post. Fierder hat se in soad dien foar de oprjochting fan en útfierings yn it Biltsk fan it mearke, die se tal fan skriuw- en fertaalwurk, wie se lang sjueryfoarsitter fan de Bildtse Kultuurpriis, mar krige se dy priis noait.

De prizen wurde sneon 4 novimber útrikt yn Sint-Anne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)