Aldere meiwurkers Wetterskip kinne minder oeren wurkje

18 okt 2017 - 11:55

It fakbûn FNV Overheid hat mei Wetterskip Fryslân in oerienkomst sletten wêrtroch't meiwurkers fan 60 jier of âlder de mooglikheid krije om minder oeren te wurkjen. Sa moatte der mear wurkplakken komme foar jongere meiwurkers en kinne oare meiwurkers better trochstreame. Tagelyk giet de kennis fan de âldere meiwurkers net ferlern. Neffens it fakbûn docht in grut diel fan de meiwurkers swier wurk, lykas rottefangers en leden fan ûnderhâldsploegen.

It saneamde generaasjepakt giet op 1 jannewaris kommend jier yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)