Ljouwerter oerfaller meldt himsels by plysje

18 okt 2017 - 11:51

In 19-jierrige oerfaller út Ljouwert hat him tiisdeitenacht by de plysje meld nei de mislearre oerfal ôfrûne tiisdei op in supermerk oan de Van Loonstrjitte yn de stêd. De man belle om middernacht hinne de plysje en joech ta dat hy de oerfaller wie. De plysje hat de man dêrnei yn syn hûs yn de wyk Aldlân oanhâlden.

De man besocht tiisdei mei help fan in wapen de supermerk te oerfallen, mar dat mislearre. Hy naaide dêrnei út. De oerfaller sit no fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje oerfal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)