Berltsumers komme yn aksje tsjin húsfêsting kasarbeiders

18 okt 2017 - 11:43
De duorsume nije kas by Berltsum - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

In diel fan de bewenners fan de nijbouwyk De Pôlle yn Berltsum ûndernimt juridyske stappen om foar te kommen dat de plannen trochgeane om Turksk-Grykske kasarbeiders yn harren wyk te húsfestjen. In túnboubedriuw en in útstjoerburo hawwe fjirtjin huzen yn de wenwyk kocht om sa'n 130 arbeiders yn ûnder te bringen. It giet om allinnichsteande manlju.

De bewenners fan de wyk binne bang foar de leefberens yn de wyk, dêr't in soad famyljes mei bern wenje. In ynformaasjebyienkomst tiisdeitejûn yn doarpshûs It Heechhout hat de bewenners net gerêst steld. Sy sille no mei help fan in advokaat ûndersykje oft se de plannen keare kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)