Utsjochtoer Belvédère yn Oranjewâld wer iepen foar publyk

18 okt 2017 - 11:38
De bosk by de Belvedère is ôfsluten - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De útsjochtoer Belvédère yn Oranjewâld is wer iepen foar publyk. De betonnen toer waard snein ôfsletten om't in betonnen spyl boppe op de 30 meter hege toer stikken wie. Der bestie gefaar dat stikken beton nei ûnderen falle soene. Nei't in besiker de gemeente der op wiisd hie, waard de monumintale toer fuortendaliks ôfsletten. Meiwurkers fan de Monumintewacht ha de toer tiisdei ynspektearre.

It is net dúdlik wurden hoe't de skea ûntstien is. De spyl is provisoarysk mei platen fêstset. By de earstfolgjende reguliere opknapbeurt fan de toer út 1924 sil de spyl definityf makke wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)