Boek en tentoanstelling oer Abe Lenstra as koartebaanrider

18 okt 2017 - 10:15

De Fryske fuotballeginde Abe Lenstra (1920-1985) koe neist it fuotbaljen ek hiel goed ride. Ron Couwenhoven hat dêr in boek oer skreaun 'Abe en het ijs - De schaatscarrière van Abe Lenstra.' Neffens him wie Abe net allinnich in fenomeen op it fjild, mar hearde er tusken 1938 en 1954 by de bêste koartebaanriders fan Nederlân. Hy starte fyftich kear op de 160 meter lange iisbanen, wûn 16 kear, waard 19 kear twad en ried hast noait bûten it prizejild.

It boek wurdt moandei presintearre yn It 1e Friese Schaatsmuseum yn Hylpen. Tagelyk wurdt yn it museum in eksposysje oer it reedriderslibben fan de Abe Lenstra iepene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)