BSB Staalbouw driget fallyt te gean

18 okt 2017 - 09:40
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It bedriuw BSB Staalbouw yn Burgum driget fallyt te gean. Dat meldt RTV Noord. Neffens de omrop komt de meidieling fan Rykswettersteat. Dy hat it opknappen fan brêgen by de seesluzen fan Farmsum útbestege oan BSB. It bedriuw is moandei ek begûn mei it wurk, mar yntusken leit it al wer stil. Rykswettersteat seit by RTV Noord te hoopjen op in trochstart fan BSB, sadat it wurk oan de brêgen ôfmakke wurde kin.

BSB Staalbouw wie ek belutsen by it ûngelok mei in brêgedek yn Alphen aan de Rijn yn 2015.

Trefwurden: 
Burgum BSB Staalbouw
(Advertinsje)
(Advertinsje)