Kollum: "Pompeblêde-ministers"

"Yn de Telegraaf stie moandei dat Halbe Zijlstra minister fan Bûtenlânske Saken wurdt yn it nije kabinet. Der wie daliks in sneue opmerking op twitter fan immen dy’t miende dat Rutte nei kwaliteit sjen soe. Der wie op de Fryske nijsmedia ék in taheaksel. Zijlstra soe dan de earste Frysktalige minister fan Bûtenlânske Saken sûnt 1946 wurde. De lêste Frysktalige wie Eelco Nicolaas van Kleffens dy't minister fan Bûtenlânske Saken wie yn de perioade om de Twadde Wrâldoarloch hinne.
Eelco Nicolaas van Kleffens. Ik hie noch net in soad fan de man heard. Hy komt net foar yn de histoarje fan politike partijen yn Nederlân, want Van Kleffens wie partijleas. Dochs siet hy al yn 1939 yn it kabinet De Geer as minister. Mei wol it taheaksel dat hy wat liberaal wie. Likegoed koe hy hast neat troch de Twadde Keamer krije, soks is altyd wer ferbûn oan partijen. De Dútsers ha him rêden yn ‘45. Hy moast mei de oare ministers flechtsje nei Londen. Watte, hy wie de alderearste dy’t der wie. Yn Londen makke it net mear út dat hy partijleas wie, dêr wie gjin Keamer. Hy hie it ek wol moai, want keningin Wilhelmina ûntsloech De Geer en Pieter Sjoerds Gerbrandy waard minister-presidint. No ja, dat wie in echte dwerse Fryskprater. Dêr koe Wilhelmina net mei oer wei en dan moast Van Kleffens hieltyd wer mediaterje.
Yn it berjocht stie dus dat Van Kleffens ek in Fryskprater wie. Dat wie hy neffens my net. Hy is wol berne op It Hearrenfean, mar siet yn Grins al op de middelbere skoalle. Hat net wer oan Fryslân ferbûn west. Ja, it kin wol wêze dat hy en Gerbrandy jûns yn Londen sieten te praten en dat se dan seine: "Wat is it wat net jonge." Mar dat ha oaren net heard. Van Kleffens hat nei de oarloch allegear aardige wurkjes yn it bûtenlân dien, wenne op it lêst yn Portugal en is dêr yn 1983 stoarn.
Ofsjoen fan dat stjerren, liket Halbe Zijstra syn libben wol op dat fan Van Kleffens. Berne yn Fryslân, gau nei Grins, net werom kaam en je meie it Frysk praten en (tink der om) it Frysk gefoel fan Zijlstra wol hiel leech ynskatte. Dat hat hy net. Dus ik wit net as Halbe Zijlstra syn Frysk yn it taheaksel wol neamd wurde mei. Likemin as dat fan Van Kleffens.
It is ek net wichtich. Al dat geskriuw en gepraat oer Frysktalige, Frysksinnige of heal Fryske ministers is toch waardeloas geâldehoer. Ja, sorry, mar ik krij elke kear in kribelich gefoel as ik dat lês. Earst al dat geskriuw as Harry van der Molen of Aukje de Vries ek in post krije sille. Of as Sander de Rouwe der ek yn komt. Of dat Pia Dijkstra minister fan Folkssûnens wurdt. O en we tochten dat de echte Fries Sybrand Buma no einlik wat wurde soe, mar dy wachtet noch efkes. Mar as Wopke Hoekstra minister fan Finânsjes wurdt dan moat elk wol witte dat dy namme Wopke op syn Fryske ôfkomst slacht, al hat de man miskien ien kear hjir in middei te silen west. En ooh Malik Azmani fan de VVD is berne op It Hearrenfean, hie in Fryske mem en hat op Sevenwolden sitten, ooh wat moat dat in goeden wêze en dy betsjut fansels fan alles foar Fryslân. En soe Piet Adema….
Skyt omheech. Ik bedoel, hâld dêr dochs mei op. It is folslein net wichtich wêr’t je berne binne of wêr't jo heit en mem weikamen, om dochs goed te soargjen foar alle, foar álle, gebieten yn Nederlân. In politikus dy’t Fryslân foarlûke soe, is in minne politikus. Fryslân hat belang by in regear dat it hiele lân goed bestjoerd en rekken hâldt mei alle foars en tsjins dy’t se tsjin komme. Krekt likegoed as dat it folsleine ûnsin is dat in Amerikaanske generaal Fryske roots hat en dêrtroch better wêze soe as oar generaals. Dêrom is it goed dat dit nije kabinet net it learen fan it Fryske folksliet yn it nije belied set hat. Want dan soene ús bern leare dat wy it bêste lân fan ierde binne. En dat binne we net. We binne gewoan in provinsje fan Nederlân."