Plysje krijt nije tips oer sjitpartij yn Dronryp

© Postema Media
Der binne nije tips binnenkommen oer de sjitpartij yn Dronryp fan moandei 2 oktober. Nei oanlieding fan de útstjoering fan Opsporing Verzocht hat in tsjûge him melden en der binne mooglik ek nije bewakingsbylden fûn. De bestjoerder fan de bestelbus dêr't de dieders achter rieden hat him lykwols noch net melden. Twa wiken lyn waard in 45-jierrige man besketten op de oprit fan syn hûs oan de Dotinga Tún.