Provinsje krimpt opfangplakken foar guozzen yn

17 okt 2017 - 22:42

De provinsje moat boeren teloarstelle dy't harren lân oanmeld ha as foerazjeargebiet foar guozzen. Yn stee fan 790 boeren, kinne dizze winter mar 680 boeren yn oanmerking komme foar in opfangplak foar guozzen. Yn opdracht fan Provinsjale Steaten krimpt de provinsje de opfangplakken foar guozzen yn fan 23.000 hektare nei hast 21.000 hektare. Yn de oanwiisde gebieten meie de guozzen harren winterrêst ha en nei iten sykje. Skea wurdt foar de folle hûndert prosint fergoede troch de provinsje.

Bûten de foerazjeargebieten wurde de guozzen ferjage. Skea wurdt dêr mar foar 80 prosint fergoede. De provinsje wurket op dit stuit oan ferjeiteams, ek wol de Goose Busters neamd. Dy moatte de boeren helpe by it ferjeien fan de guozzen. De fûgels soargje foar hieltyd mear skea yn de Fryske natuer en dy moat oanpakt wurde, sa seit deputearre Johannes Kramer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)