Fûgelhelling fangt bisten op út gemeente Grins

18 okt 2017 - 07:00

De Fûgelhellling yn Oerterp fangt tenei ek bisten op út de gemeente Grins. Foar elk bist krijt De Fûgelhelling in fergoeding. Dy sinten kinne se goed brûke, want finansjeel ha se it krap. De Fûgelhelling hat al in pear kear oankloppe by it provinsjebestjoer, omdat se fine dat de opfang ek in provinsjale ferantwurding is. Mar oant no ta reagearje Provinsjale Steaten net op dat fersyk.

De gemeente Grins hie foar syn wetlike taak om ferwûne bisten op te fangen, fia de bistebeskerming in kontrakt mei Faunavisie en dy is der mei ophâlden. Sa kamen se út by De Fûgelhelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)