Huhtamaki yn Frjentsjer hellet lekkende masine útelkoar

17 okt 2017 - 22:11

By Huhtamaki yn Frjentsjer wurdt de kommende dagen de masine dy't it giftige gas wetterstofsulfide lekt hat, hielendal útelkoar helle. Dit om te achterheljen hoe't it lek ûntstean koe. It lek feroarsake in gefaarlike situaasje, mei de massale ynset fan alle helptsjinsten en in nachtlike oprop oan omwenners om ruten en doarren ticht te hâlden. Fanwege de fipronil-krisis hie it fabryk tydlik op in leger nivo produsearre, mar dat hat neffens direkteur Minnesma neat mei it ynsidint te krijen.

De kommende dagen sil der alles oan dien wurde om de produksje wer op te starten. Ek wurdt besjoen oft der tenei ek sûnder wetterstofsulfide produsearre wurde kin. Yn it papierfabryk wurde benammen aaidoaskes makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)