Oosterman opnij beneamd ta boargemaster Eaststellingwerf

17 okt 2017 - 21:42
Kommissaris fan de Kening Arno Brok nimt boargemaster Harry Oosterman de eed ôf - Foto: Lourens Looijenga

Boargemaster Harry Oosterman is tiisdeitejûn oan syn tredde termyn fan seis jier as boargemaster fan Eaststellingwerf begongen. Kommissaris fan de Kening, Arno Brok, naam him opnij de eed ôf op it gemeentehûs yn Easterwâlde. Oosterman wol him ynsetten bliuwe foar in gemeente dy't neist ynwenners en ûndernimmers stiet. Hy fynt it benammen belangryk om yn te setten op wurkgelegenheid en leefberens, mar de grutste útdaging is neffens Oosterman de duorsumens yn de wrâld.

(advertinsje)
(advertinsje)