Tsjerkje Lytsewâld pleage troch skuorren yn de muorren

17 okt 2017 - 21:23

It tsjerkje yn Lytsewâld (Augsbuurt) hat bot lêst fan skuorren yn de muorren. De stichting Alde Fryske Tsjerken is eigener fan it tsjerkje en sil ûndersyk dwaan nei de oarsaak. It tsjerkje tusken Bûtenpost en Kollum stammet út 1782. It stiet bekend om de bysûndere preekstoel en roubuorden. De kânsel is ek út de 18e iuw. Oan de foarkant steane de figueren fan Mozes en Aäron deryn.

It tsjerkje is yn de jierren '70 fan de foarige iuw restaurearre en de toer yn 1983. It wie de earste tsjerke dy't yn besit fan de stichting Alde Fryske Tsjerken kaam. Dat barde op 10 novimber 1971. Foarsitter Renze van der Veen fan de Pleatslike Kommisje giet der fanút dat de stichting it wer opknappe sil. It tsjerkje wurdt op it stuit brûkt foar houliken, begraffenissen en oare famyljegearkomsten.

Trefwurden: 
skuorren tsjerkje Lytsewâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)