Auto rydt wetter yn by Drylts, twa ferwûnen

De auto gong hast kopke ûnder © BTBfotografie
By in ûngelok oan De Iendrachtwei yn Drylts binne tiisdeitejûn twa persoanen ferwûne rekke. It duo rekke troch noch ûnbekende oarsaak mei de auto yn it wetter. De auto gong hast hielendal kopke ûnder. De ynsittenden koene sels út de auto komme en binne neisjoen troch it ambulânsepersoniel. De traumahelikopter wie ek oproppen, mar hoegde net yn aksje te kommen.