Miljoenen kokkels minder yn Waadsee as yn 2016

Der sitte sa'n 100 miljoen kilo minder kokkels yn de Waadsee as in jier lyn. It tal kokkels is yn in jier tiid mei hast in tredde ôfnaam. De ynventarisaasje yn de Waadsee, en yn de Easter- en Westerschelde, wurdt alle jierren dien, om bepale te kinnen hoefolle der fiske wurde mei. De mjitting is ek fan belang, om te sjen wat it effekt is fan maatregels dy't nommen wurde.
De ûndersikers warskôgje dat it der op liket dat der dit jier ek net in soad sied ûntstien is en dat kin gefolgen hawwe foar de kokkelstân fan takom jier.
Syklus
"It is in natuerlike syklus fan de kokkel, ien kear yn de seis of acht jier is der in saneamde 'broedval'," seit Karin Troost, ûndersiker by Wageningen Marine Research. "Dan komme der in soad nije kokkels by en yn de jierren dêrnei nimt de kokkelstân stadichoan wer ôf. We sitte no oan de ein fan sa'n syklus. Fiskers witte ek fan dy syklus. Mooglik kinne se takom jier mei minder skippen yn guon gebieten fiskje."