Nauta hat noch lêst fan skonk en lit NK yn Thialf sjitte

17 okt 2017 - 20:27
Yvonne Nauta - Foto: Martin de Jong

Reedrydster Yvonne Nauta docht net mei oan it NK ôfstannen yn Thialf. Dy wurde yn it lêste wykein fan oktober hâlden. De rydster út Twellingea hat noch tefolle lêst fan har skonk. Yn maaie rûn se by in training in komplisearre breuk op.

Yvonne Nauta waard nasjonaal kampioen allround yn 2014. Se rjochtet har no op in rentree op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai dat ein desimber op Thialf hâlden wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)