Rabobank: "Dreech om plofkreak foar te kommen"

De Rabobank docht der alles oan om plofkreaken yn de takomst foar te kommen, mar dat is wol dreech. Dat sei direkteur Durk Mous fan de Rabobank Drachten Friesland Oost yn Fryslân Hjoed. In automaat fan de bank yn Bakkefean wie moandeitenacht doelwit fan in plofkreak. As bank sit je no mei in dilemma seit Mous: "As je it probleem oplosse wolle, dan soene je alle automaten fuorthelje moatte. Mar minsken ha ek it rjocht dat se altyd by harren eigen jild komme kinne."
Neffens Mous is it befeiligingsnivo fan de automaten op oarder, mar is it de fraach of je in kreak sa as yn Bakkefean foarkomme kinne. "We binne soarchfâldich oan it besjen hoe't we it dwaan kinne, mar ik kin net garandearje dat dit net mear gebeurt".