Rykswettersteat leit sânsuppleesje by Waadeilannen stil

Rykswettersteat hat de sânsuppleesje op It Amelân, Flylân en Teksel foar in part stillein. De reden is dat se net tefreden binne oer de útfiering fan de wurksumheden. De gearwurking mei de oannimmer is opsein. It opspuitsjen fan sân is nedich foar de feilichheid fan ús lân. It strân wurdt breder makke en kin brûkt wurde foar rekreaasje. Rykswettersteat seit dat de feilichheid noch wol garandearre is, omdat de dunen oeral breed genôch binne. Der wurdt wol socht nei in oar bedriuw dat it wurk oernimme kin.
De sânsuppleesjes dy't stillein binne: