Rjochter straft leger yn flagge-affêre FC Grins

17 okt 2017 - 17:51
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

De 28-jierrige Grinzer dy't fertocht waard fan mislediging en in gewelddiedige rôf, hat in wurkstraf fan 180 oeren krigen en 60 oeren ûnder betingst. De man krige de straf foar opstoken en it misledigjen fan boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean. Ek wie er belutsen by de gewelddiedige rôf fan twa klupflaggen fan FC Grins. Dit is foars leger as de eask fan acht moannen finzenisstraf.

Ek oare belutsenen út ûnder oare Snits, It Hearrenfean en Drachten krigen legere straffen as easke. Acht fertochten krigen foar harren rol by de berôving wurkstraffen oant 100 oeren oplein fan de rjochter. Trije oare fertochten waarden frijsprutsen.

(advertinsje)
(advertinsje)