Produksje Huhtamaki yn Frjentsjer leit noch altyd stil

17 okt 2017 - 17:41

De produksje by it papierfabryk fan Huhtamaki yn Frjentsjer leit noch altyd stil, as gefolch fan twa kear grut alarm. De earste kear wie moandeitejûn, doe't der in giftige stof frijkaam. De brânwacht hat befêstige dat it wetterstofsulfide giet. Yn it fabryk waarden trije minsken net goed, twa fan harren moasten nei it sikehûs.

Tiisdeitemoarn wiene der opnij problemen mei in masine, wêrtroch't der wer in alarm ôfgie. It fabryk waard doe fuortendaliks ûntromme. Op dit stuit wurde maatregels naam om nije problemen foar te kommen. It is noch net dúdlik wannear't dy klear binne en it fabryk wer draaie kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)