Busferfier Fryslân wurdt oant 2022 troch Arriva fersoarge

17 okt 2017 - 17:23

Ferfiersmaatskippij Arriva mei twa jier langer it busferfier yn Fryslân fersoargje. It kontrakt mei de provinsje rûn oant 2020, mar dat kontrakt is mei twa jier ferlinge. Yn dizze perioade wolle de provinsje en Arriva besykje it iepenbier busferfier duorsumer en effisjinter te meitsjen. Dêrnjonken moat it ferfier betelber bliuwe foar de busreizger.

Der komme seis elektryske bussen yn de provinsje by. Buskes foar skoalbern yn de doarpen dêr't in bytsje gebrûk fan makke wurdt, sille oars ynsetten wurde. Troch ek taksys foar skoalbern te brûken, komme der 5.500 ritten ekstra by. Om mear reizgers yn de bussen te krijen, wolle de provinsje en Arriva by guon doarpen de bushalten ferpleatse nei de provinsjale dyk yn stee fan yn it doarp sels. De passazjiers binne dêrtroch rapper op harren einbestimming.

Dat Arriva it busferfier twa jier langer dwaan sil, kostet de provinsje 3,8 miljoen euro yn it jier.

Trefwurden: 
busferfier Arriva kontrakt
(advertinsje)
(advertinsje)