FIDEO: Tigers teplak yn Nijeberkeap

17 okt 2017 - 17:23

Se ha in flinke reis achter de rêch, mar tigers Sultan en Sayeeda binne teplak. De twa waarden rêden út de bistetún yn it Syryske Aleppo en ha yn opfangsintrum Felida yn Nijeberkeap in nij thús fûn. It wie noch in hiele operaasje om de bisten nei Nederlân te heljen. Ut Syrië wei moasten de tigers earst noch fia Jordanië reizgje. Meiwurkers fan Felida ha trije wike yn Jordanië west, om de tigers ta te rieden op de lange reis nei Nederlân.

De kommende jierren wurdt yntinsyf wurke oan it herstel fan de tigers. De kâns bestiet dat se úteinlik nei in reservaat yn Afrika geane.

Trefwurden: 
Tigers Felida Nijeberkeap
(Advertinsje)
(Advertinsje)