23 skoalbern yn tsjinst by Ljouwerter plysje

It Ljouwerter plysjekorps is útwreide mei 23 jonge farske krêften. It giet om bern fan de Plantaanskoalle út de Ljouwerter wyk Heechterp-Schieringen. De plysjekids sille op seis ferskillende deidielen de plysje helpe by harren wurk. Dat kin gean om bygelyks it kontrolearjen fan fytsferljochting of it advisearjen fan minsken op it mêd fan ynbraakprevinsje.
Efterstânswyk
Boargemaster Ferd Crone hat de bern tiisdeitemiddei beëdige. It doel fan de plysjekids is dat der in goeie relaasje opboud wurdt tusken de plysje en de bern en har âlders. Heechterp-Schieringen stiet bekend as efterstânswyk. Ut ûndersyk docht bliken dat de fjouwer minste wiken yn Nederlân om as bern op te groeien yn Ljouwert lizze. It idee fan de plysjekids yn Ljouwert komt fan VVD-riedslid Serge Hollander. "Ik verwacht dat de wijk met de komst van de politiekids veiliger en leefbaarder wordt."