"Net nei gas boarje by Skiermûntseach"

© Werkgroep Horizon Schiermonnikoog
Der moat net nei gas boarre wurde yn it nije fjild dat ûntdutsen is by Skiermûntseach. Dat fine de fraksjes fan de Partij voor de Dieren, SP, GrienLinks en FNP yn Provinsjale Steaten. Neffens de partijen moat der mear sjoen wurde nei it winnen fan duorsume enerzjy. Se wize ek op de ûnrêst op Skiermûntseach oer de gaswinning en se meitsje har soargen oer eventuele natuerskea. Se freegje Deputearre Steaten om der by de minister op oan te trunen gjin tastimming te jaan foar proefboarringen of gaswinning by Skiermûntseach.