Fjouwer manlju oanhâlden foar plofkreak, mar ek al wer frij

17 okt 2017 - 15:48
Foto: Kappers Media

De plysje hat tiisdei yn de omkriten fan Staphorst fjouwer manlju fan 26, 29, 30 en 32 jier út Utrecht oanhâlden, yn ferbân mei de plofkreak moandeitenacht yn Bakkefean. De manlju binne ek al wer loslitten, omdat de plysje net genôch bewiis hie om se fêst te hâlden. Se bliuwe wol fertochte. Op grûn wêrfan't de manlju oppakt binne, wol de plysje net sizze.

De plysje ûndersiket oft der in ferbân is tusken de plofkreak fan moandeitenacht yn Bakkefean en dy fan sneintenacht yn Haulerwyk. By beide plofkreaken is neat bútmakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)