Tentoanstelling Alma-Tadema nominearre foar 'museum-Oscar'

17 okt 2017 - 15:46
'Mozes gevonden!' fan Sir Lawrence Alma-Tadema

De tentoanstelling 'Alma-Tadema, klassieke verleiding' is nominearre foar in saneamde museum-Oscar. Dit is in priis foar de bêste keunst- en designtentoanstellingen wrâldwiid. Alma-Tadema wie ôfrûne winter te sjen yn it Fries Museum yn Ljouwert en dêrnei yn Wenen en London. De tentoanstelling soarge foar in besikersrekôr yn it Fries Museum: 158.000.

Der binne yn totaal 85 gadingmakkers in ferskate kategoryen. De winners wurde yn maart 2018 bekend makke.

Online stimme

It Fries Museum makket ek kâns om de Youniversal Award en de YOU-2 Award te winnen. Dizze prizen wurde takend oan de meast populêre nominearde musea ûnder it publyk. Fan begjin 2018 ôf kin der online stimd wurde foar dizze ûnderskiedingen fia de webside fan Global Fine Arts Awards en social media.

Trefwurden: 
Alma-Tadema Fries Museum
(Advertinsje)
(Advertinsje)