Direkteur Casper Smits fuort by omrop LEO

17 okt 2017 - 15:21

Direkteur Casper Smits fan de Ljouwerter lokale omrop LEO giet fuort. Neffens LEO is der in ferskil fan miening oer hoe't it fierder moat mei de omrop. Dy fusearret mei Radio Middelsé, nei oanlieding fan de gemeentlike weryndieling mei Ljouwerteradiel. Neffens LEO wiene de omrop en skiedend direkteur Smits it wol iens oer it einddoel mar net oer it paad derhinne. LEO is trije jier lyn begûn as lokale omrop fan Ljouwert.

Trefwurden: 
omrop LEO Casper Smits
(Advertinsje)
(Advertinsje)