Wurkstraf foar Drachtster dy't famke tsjin de holle skopte

17 okt 2017 - 15:15
Justysje - Foto: ANP XTRA

In 19-jierrige jonge út Drachten dy't in famke fan ûnbekende leeftiid mishannele, hat in wurkstraf fan 100 oeren krigen. De jonge skopte it famke tsjin de holle, wêrtroch't se ûnder oare in gat yn de tonge oprûn. De fertochte ûntkent it, neffens him hie er rjochte op har boarst. De rjochter leaut dat net, omdat yn in filmke te sjen is dat er op har holle rjochte.

De Drachtster stiet it kommende heal jier ûnder elektroanysk tafersjoch. En hy moat him fan de rjochter behannelje litte foar syn agresjeproblemen en syn problemen mei drugs en alkohol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)