FIDEO: Fryske tsjerken fan lúsjefersprikjes

17 okt 2017 - 15:04

Yn de opslach fan stichting Alde Fryske Tsjerken yn Dokkum steane tsientallen tsjerken, eksakt op skaal neiboud en makke fan lúsjefersprikjes. "Wy hawwe se yn 2002 krigen nei it ferstjerren fan hear Jansen, de makker fan dizze tsjerken. En hy hat se allegearre neilitten oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken", fertelt Grytsje Tania-Sijens fan de stichting. "Foar it meitsjen fan ien tsjerke, wie hy wol in healjier oan it wurk. Dan wie hy wol 40 oeren yn de wike oan it wurk."

Sa no en dan binne de lúsjeferstsjerken te sjen foar publyk, bygelyks by Tsjerkepaad. Mar by de stichting spilet hieltyd faker de fraach: wat moatte wy mei de tsjerken dwaan? Dêrom wol de stichting de tsjerken no útliene oan leafhawwers, dy't yn ruil dêrfoar omtinken jaan foar it wurk fan de stichting. Se binne nammentlik op syk nei nije donateurs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)