Ferset yn Berltsum tsjin Grykske kasarbeiders

17 okt 2017 - 14:36

Bewenners fan nijbouwyk de Pôlle yn Berltsum meitsje harren soargen oer de komst fan kasarbeiders út Grikelân. In túnboubedriuw en in útstjoerburo hawwe yn de wyk sa'n fjirtjin huzen kocht. De bedoeling is om dy te ferhieren oan sa'n hûndert kasarbeiders foaral út Grikelân. De bewenners fan De Pôlle binne benaud dat dit gefolgen hawwe sil foar de wyk.

Tiisdeitejûn is der yn doarpshûs 't Heechhout in besletten gearkomste oer de kwestje mei alle belutsenen.

Trefwurden: 
Berltsum kasarbeiders
(Advertinsje)
(Advertinsje)