File op A32 by Aldeholtwâlde troch iensidich ûngelok

17 okt 2017 - 14:06

Ferkear op de A32 tusken It Hearrenfean en Wolvegea hat lêst fan de ôfhanneling fan in iensidich ûngelok. Dêrby kaam in buske by Aldeholtwâlde troch noch ûnbekende oarsaak op de kop yn de berm telâne. De bestjoerder is út de auto helle, it is noch net dúdlik oft er ferwûne rekke is.

Ien rydstrook is ôfsletten en dêrtroch stiet der in file fan sa'n 2 kilometer.

Trefwurden: 
ûngelok A32 Aldeholtwâlde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)