Buertkeamer De Westereen offisjeel iepen

Minsken dy't iensum binne, kinne yn De Westereen terjochte yn de Buertkeamer. Eltse tiisdei stean de doarren dêr iepen en wurde der ferskillende aktiviteiten organisearre, lykas mei-inoar itensiede. De buertkeamer is fêstige yn it Badhûsgebou oan de Sportloane.
Neffens inisjatyfnimmer Coby Dijksma is it doel fan de Buertkeamer dat minsken mei-elkoar yn kontakt komme. "In moeting is foar ús slagge as der op syn minst ien persoan mei in goed gefoel wer fuortgiet." Yn de Buertkeamer wurkje frijwilligers, it is in inisjatyf fan stichting Welzijn het Bolwerk en stichting AanZet.