Bouplannen âlde tsiisfabryk Surch

Der binne plannen foar de bou fan twa huzen yn it âlde tsiisfabryk yn Surch. It fabryk, boud yn 1892, stiet al jierrenlang leech en is flink fertutearze. Sûnt in pear moanne is it yn hannen fan de nije eigener Minne Meijer fan Sint-Jabik. Dy sjocht it wol sitten om der huzen fan te meitsjen. Hy docht dat yn gearwurking mei makeler Ynte Hettema út Surch.
De huzen mei in flink stik tún oan de foarkant komme yn it âldste diel fan it gebou. Se wurde net earder ûntwikkele as dat der keapers foar binne. Nei alle gedachten komme se foar goed 200.000 euro op de merk. It âldste diel is mar in part fan it hiele fabryk. Der binne noch ferskate grutte romten beskikber. Wat dêr mei barre sil is noch net dúdlik. Foar ien dêrfan wurdt neitocht oer in soarte fan trekkermuseum. Mar wis is noch neat.