Undersyk nei skealike stof by Huhtamaki, alarm giet opnij ôf

It is noch hieltyd net dúdlik hokker stof moandei frijkaam is by it papierfabryk fan Huhtamaki yn Frjentsjer. De stof kaam moandeitejûn frij ûnder it gewoane produksjeproses op it fabryk. Nei it frijkommen fan de stof rekken trije meiwurkers net goed. Twa fan harren moasten foar kontrôle nei it sikehûs. Ien meiwurker mocht dêrnei nei hûs, de twadde meiwurker komt tiisdei thús.
It fabryk is tiisdeitemoarn om fjouwer oere troch de brânwacht frijjûn, wêrnei't de produksje om seis oere wer begûn. Allinnich it diel wêr't de stof lekte, leit noch stil. It ûndersyk om út te finen wat der krekt lekt hat, rint noch hieltyd. Tocht wurdt oan in kombinaasje fan stoffen.
Opnij alarm
Tiisdeitemoarn gie opnij it alarm ôf yn it fabryk fan Huhtamaki. Wurknimmers moasten it fabryk dêrtroch ferlitte. It is noch net dúdlik wêrom't it alarm krekt ôfgie, technisy dogge dêr op dit stuit ûndersyk nei. De produksje leit hjirtroch opnij stil.
NL Alert
De Feilichheidsregio die moandeitejûn nei it frijkommen fan it gas om healwei tolven in NL Alert út. By de gemeente Frjentsjerteradiel komme no telefoantsjes binnen fan ynwenners dy't dizze warskôging net krigen ha. Der wurdt útsocht hoe't dat kin.