Beweechbere Prins Hendrikbrêge liket fier fuort

17 okt 2017 - 12:13

It draachflak foar it beweechber meitsjen fan de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert is der wol, mar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders hâldt de hân op 'e knip. Dat hat alles te krijen mei de finansjele posysje fan Ljouwert. Omdat benammen yn it sosjale domein in protte ûndúdlik is, doart it kolleezje it no net oan. In mearderheid fan de ried is foarstanner en ek de federaasje fan de Ljouwerter ûndernimmersferieningen wol graach in beweechbere brêge.

In boargerinisjatyf, twa-en-in-heal jier lyn, wie it startskot fan de plannen foar in nije farrûte troch Ljouwert. De foarstanners soene graach begjin 2019 mei de earste faze fan it projekt begjinne wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)