Selstraf easke foar mislediging boargemaster Van der Zwan

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in 28-jierrige man út Grins is in finzenisstraf fan acht moannen, wêrfan fjouwer ûnder betingst, easke foar mislediging fan boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean. De man sette op 25 febrewaris in groep fuotbalgongers oan ta it sjongen fan teksten wêryn't Van der Zwan earnstige sykten tawinske waarden. De boargemaster fûn dit der fier by troch en die oanjefte.
De Grinzer moast him tiisdei foar de rjochter ek ferantwurdzje foar syn oandiel yn de gewelddiedige flaggerôf op 22 jannewaris. In groep Feanfans hat doe mei geweld de klupflagge fan in Grinzer fuotbalsupporter stellen. De groep sammele him by de Grinzer thús. Hy spile in liedende rol en is faker foar geweld feroardiele. Dêrom is tsjin him de swierste straf easke. De oare leden fan de groep hearden wurkstraffen tsjin harren easkjen.
De rjochter docht tiisdeitemiddei útspraak.