Supermerk Poiesz Bakkefean gewoan iepen nei plofkreak

De Poiesz-supermerk yn Bakkefean is iepen. Klanten kinne foar de boadskippen gewoan telâne yn de winkel oan de Duerswâldmer Wei. De winkel hat neffens in meiwurker troch de plofkreak fan moandeitenacht gjin skea oprûn. Allinnich yn de sliterij is ien flesse mei drank sneuvele. Troch de klap fan de ûntploffing by de pinautomaat yn de gevel fan de winkel binne wol aardich wat flessen yn de rimmen nei foaren skood, mar dy binne krekt op it rântsje stean bleaun.
Om trije oere hinne wie de kreak. Omdat der noch eksplosyf materiaal efterbleaun wie, hat de plysje tiisdeitemoarn betiid tsien wenningen ûntromme en de omjouwing ôfset. De minsken binne yntusken wer werom nei harren hûs.
Yn Bakkefean is de plofkreak it petear fan de dei. "It hâldt je wol dwaande dat it no sa tichteby komt", seit in buertbewenner. "Earst Haulerwyk, no Bakkefean. Dan sil no Oerterp wol komme."