UPDATE: Brêge sakket op skip, fersteuring skipfeartferkear

17 okt 2017 - 10:16

It skipfeartferkear tusken Fryslân en Grinslân oer it Prinses Margietkanaal leit stil, nei't der tiisdeitemoarn betiid in ûngelok west hat op it Van Starkenborghkanaal by Noordhorn. Op it momint dat in binnenfeartskip ûnder de hast nije hefbrêge troch gie, gie de brêge nei ûnderen. It skip siet fêst ûnder de yn augustus iepene brêge.

It skip is yntusken wer los, mar sawol de brêge as it frachtskip wurde no earst ûndersocht op skea. It skipfeartferkear is stillein, it ferkear oer de dyk wurdt omlaat. Der is by it ûngelok net ien ferwûne rekke. It skip wie leech op it momint fan it ûngelok.

Troch it ûngelok binne der ek fertragingen op it spoar tusken Bûtenpost en Grins.

Trefwurden: 
Arriva fertraging Bûtenpost
(Advertinsje)
(Advertinsje)