UPDATE: Syktocht nei lichem leit treinferkear Bûtenpost plat

17 okt 2017 - 10:01

In ûnbekende man hat tiisdeitemoarn it treinferkear tusken Butenpost en Zuidhorn stillein. De man hâlde him op yn de berm neist it spoar. In reizger warskôge de plysje om't hy tocht in lichem sjoen te hawwen. De plysje lei it treinferkear stil en begûn in grutte syktocht, wêrby't ek in helikopter ynset waard. Derby is de man, neffens de plysje in swalkerstype, oantroffen. Hy is meinaam nei it buro en wurdt heard. De treinen ride wer, ferfierder Arriva sette ûnder de syktocht bussen yn om reizgers te ferfieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)