Kollum: "Hee, provinsje, bedankt, hin..."

17 okt 2017 - 08:23

"Wier Neerlands bloed door d’ aderen vloeit/van vreemde smetten vrij/hart voor volk en orde gloeit/verhef uw zang als wij/ik en de leiders van mijn land/hun vlekkeloos parcours/leer mij wat macht vóór al verlangt: ’t geweten van een hoer’.

Was getekend: Farid Azarkan, pearel yn de kroan fan Denk. Hy stjoerde dy tekst op Twitter de wrâld yn, as reaksje op it foarnimmen fan it nije kabinet om it Wilhelmus sichtberder te meitsjen. Sa’n ûnbeskofte, fileine, beskamsume en falske reaksje makket dat ik hast oerein riis en it folksliet sjonge wol. Hast, sei ik, hast. Tagelyk ûnderstreket Azarkan mei syn mislikmeitsjende slûchslimmens miskien wol de needsaak fan sa’n foarnimmen.

It Wilhelmus as oanlieding om de skiednis te tsjutten, om histoaryske kennis te skaffen oer de drege wei nei demokrasy, om, troch de literêre kontekst te jaan, sjen te litten hoe’t minne en goeie dingen dêr faktoaren yn west ha. Azarkan syn tweet is efterbaks en tsjûget fan ordinêr stokeljen. Want hy hellet net it Wilhelmus oan, mar in earder saneamd folksliet: ‘Wien Neêrlands bloed’ fan Hendrik Tollens. In bewuste aksje, tinkt my, troch de útdrukkingen ‘Neerlands bloed’ en ‘van vreemde smetten vrij’ te brûken. Sels dat liet hat syn literêre kontekst, mar dat negearret er foar ’t gemak. Troch dy tekst te sitearjen wol er dúdlik meitsje dat Nederlân hielendal net tolerant is en begryp foar meilanners hat. In opportunistyske aksje, dy’t sels foar in politikus sa leech by de grûn is dat er him dêr dea foar skamje moat.

Hawar, werom nei de oanlieding. It sichtber meitsjen fan it folksliet. De reden dêrfoar is dat de polityk op ’e syk is nei wat dat ús bynt. Omdat it lân ferdield is. Dat sjocht men werom yn it identiteitspolityk lânskip. Dus moat der wat dien wurde om it selsbyld fan de naasje fuort te sterkjen. Dêrta set it nije kabinet yn op de kontekst fan it folksliet. Miskien sels it sjongen dêrfan. Earlik sein ha ik gjin idee oft dat wurkje sil. Wat ik wol wit is dat der altyd kroadenfol kommentaar op bygelyks it Nederlânsk alvetal komt as dat foar in wedstryd it folksliet net meisjongt. Faaks sil dat dus yn de takomst feroarje, en stiet Nederlân net foar de wedstryd al mei 3-0 achter.

Lykas sa faak kaam der ek in reaksje út Fryslân. As it oer identiteit en dat wat ús bynt giet, dogge wy ek mei, no? De provinsje hat oanjûn dat Fryske bern it Frysk folksliet ek leare moatte, en, krekt as de Nederlânske bern nei it Rijksmuseum, ferplichte op besite moatte nei it Frysk museum. Op himsels net ferkeard. Mear noch as Nederlânske bern witte Fryske bern nammentlik hielendal neat fan de eigen skiednis. Dat bliuwt in grutte omisje, en dus is soks in goede maatregel. De taal spilet lykwols ek in wêzentlike rol yn dat gehiel. En lit de provinsje no krekt fan ’t wykein sizze dat se har net sterk makket foar it ferplicht stellen fan it skoalfak Frysk yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, en dat der gjin útwreiding fan it tal lesoeren komt. Dat no sjonge de bern aanst in ferske yn in taal dy’t wat harren oangiet út Swahili komme kin. Of út Namibië. Mei tank oan dyselde provinsje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)