Rêst werom yn Frjentsjer nei gifalarm

17 okt 2017 - 06:18
Foto: CAMJO Media

By it papierfabryk fan Huhtamaki yn Frjentsjer binne moandeitejûn twa meiwurkers net goed wurden neidat se yn oanrekking kaam wiene mei wetterstofsulfide. De brânwacht ûntromme it fabryk en sette de omjouwing ôf. De twa meiwurkers rekken yn it sikehûs. Sy koene net goed sykhelje en wiene ek mislik. Se binne yntusken wer thús en meitsje it neffens de brânwacht goed. Oarsaak fan de lekkaazje wie de foarming fan rust yn buizen en masinen dy't tydlik net brûkt waarden.

De helptsjinsten skaalden op nei't der ek klachten kamen út de stêd Frjentsjer, oan de oare kant fan it kanaal. Frjentsjerters krigen it driuwende advys om net nei bûten te gean en de gemeente Frjentsjerteradiel rjochte in krisissintrum yn mei evakuaasje fan in diel fan de stêd as ien fan de mooglike senario's. Safier kaam it net, want út mjittings fan de brânwacht die al gau bliken dat der bûten it Huhtamaki-kompleks gjin skealike stoffen wiene. Om twa oere fannacht waard dan ek ôfskaald.

Trefwurden: 
Huhtamaki Frjentsjer gifalarm
(Advertinsje)
(Advertinsje)