Fleantugen Lelystêd meitsje mear leven as MER oanjout

16 okt 2017 - 22:15
Lelystad Airport moat fan 2019 ôf de fakânsjeflechten fan Skiphol oernimme - Foto: ANP

Fleantugen dy't fan 2019 ôf lânje sille op Lelystad Airport, meitsje nei alle gedachten mear leven as earder oannommen waard. Dat docht bliken út in brief fan demisjonêr steatssekretaris Sharon Dijksma oan de Twadde Keamer. Foar de lûdsberekkening yn de miljeu-effektrapportaazje (MER) binne in pear ferkearde ferûnderstellings brûkt. De steatssekretaris lit de gegevens oanpasse.

Yn novimber moat der mear dúdlikens wêze oere de nije lûdsberekkening. Neffens it earste ûndersyk soene de gefolgen beheind bliuwe. Dijksma ferwachtet net dat der in nije miljeu-effektrapportaazje komme moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)