Ynwenners Frjentsjer: hâld ruten en doarren ticht

16 okt 2017 - 23:54

Ynwenners fan Frjentsjer en omjouwing wurdt advisearre ruten en doarren ticht te hâlden yn ferbân mei it frijkommen fan in ûnbekende stof by it bedriuw Huhtamaki. Ek wurdt frege fentilaasjesystemen út te skeakelen. Twa meiwurkers fan it bedriuw waarden moandeitejûn net goed, om't der gemikaliën frijkaam binne. Sy binne oerbrocht nei it sikehûs, om't se in soad muoite hienen om te sykheljen. It bedriuw is ûntromme, tweintich meiwurkers binne evakuearre.

De brânwacht docht op it stuit ûndersyk nei de stoffen, mar it is noch folslein ûndúdlik om wat foar stof it giet. De brânwacht is mei meardere auto's útriden en hie yn earste ynstânsje opskaald nei in saneamde GRIP 1-situaasje. Nei goed in oere hat de brânwacht sels opskaald nei in GRIP 3-situaasje, mei mooglik gefaar foar de direkte omjouwing. Yntusken hat de brânwacht sawol binnen as bûten de stêd mjittings dien, mar dêrby binne gjin skealike stoffen oantroffen.

Huhtamaki

It bedriuw Huhtamaki is ûnder mear leveransier fan aaidoazen. Op de lokaasje yn Drachten wurdt bygelyks âld papier sammele, wêrnei't it materiaal yn Frjentsjer ta produkt ferwurke wurdt. It haadkantoar fan Huhtamaki sit yn Finlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)