Jong Hearrenfean ûnderút, winst foar Jong Cambuur

Fuotbal © Omrop Fryslân
De beloften fan Sportklup Hearrenfean hawwe moandeitejûn in flinke nederlaach ynkassearje moatten tsjin Jong NEC. Yn Nijmegen giene de Feansters mei 3-0 ûnderút. De A-seleksjespilers fan SC Hearrenfean krigen rêst, en dêrom wie der foar de ploech gjin begjinnen oan. Foar rêst skoarde Karl Larsson twa kear foar NEC, nei it skoft makke Anass Achahbar dien wurk.
Foar Jong SC Cambuur wie der wol in kompetysje-oerwinning. De Ljouwerters wûnen de thúswedstriid tsjin Jong RKC Waalwijk mei 2-0. Doelpuntemakkers wiene Tyrone Conraad en Nigel Robertha.