Pinautomaat bliuwt, blomke foar skrokken Haulerwyksters

16 okt 2017 - 20:42

De pinautomaat yn Haulerwyk dêr't ôfrûne nacht in mislearre plofkreak west hat, bliuwt bestean. Yn de rin fan takom wike sil er wer yn gebrûk wêze. Dat hat bankdirekteur Henk de Boer sein. De troffen automaat is no noch ôfdutsen. De Rabobank hat de skrokken omwenners in blomke mei ferûntskuldigingen foar it ûngemak oanbean. Nei de mislearre plofkreak moasten huzen yn de direkte omjouwing ûntromme wurde. De bewenners moasten yn it holst fan de nacht fan 't bêd en nei in opfanglokaasje yn de buert.

It wie wol even skrikken, seit de bankdirekteur. Hy hat soks alris earder meimakke, want yn Wolvegea is ek alris in pinautomaat kreake. Der komme no wol hieltyd mear maatregels tsjin it kreakjen fan pinautomaten. Wat dy maatregels binne, hinget fan de lokaasje ôf. Sa binne op guon plakken betonpealtsjes pleatst, sadat der net mei auto's ramkreaken dien wurde kinne. As it oan De Boer leit, leit de oplossing net yn it ferminderjen fan it tal pinautomaten. Hy sjocht wol dat it tal pintransaksjes ôfnimt, ek omdat minsken hieltyd mear mei de bankkaart betelje yn de winkel. 

(advertinsje)
(advertinsje)