Trije jonges sette oanslach yn sêne yn Drachtster sintrum

© ANP
De plysje hat sneintemiddei yn Drachten trije jonges oanhâlden, om't se in terroristyske oanslach yn sêne set hienen. It giet om twa jonges fan 15 en in 16-jierrige jonge, út Drachten, Surhústerfean en Bûtenpost. De jonges hienen yn tas mei ynhâld op in terras smiten en rôpen dêrby 'allahu Akbar'. Dêrop naaide it trijetal gau út yn 'e rjochting fan it sintrum.
Troch de aksje fan de jonges ûntstie panyk op it terras. Minsken bellen it alarmnûmer 112 en in terrasbesiker smiet de tas it wetter by de haven yn. Nei in koarte sykaksje hat de plysje de jonges oanhâlden. It die bliken dat it gie om in grap fan it trijetal.
De plysje stie troch de melding op skerp. De meldkeamer soe hast de spesjalistyske ienheden warskôgje, lykas helikopters en antyterreurienheden. De jonges hawwe de hiele dei op it plysjeburo sitten. De straf dy't har oplein wurde sil, wurdt noch troch it Iepenbier Ministearje bepaald.