Friezen Piek en Veenker yn Nederlânske fjouwermansbob

16 okt 2017 - 20:22

De Fryske bobsliders Jeroen Piek fan It Hearrenfean en Dennis Veenker út Damwâld binne foar it nije seizoen selektearre foar de Nederlânske fjouwermansbob. Dat waard moandei bekend makke by de presintaasje fan it team yn Lillehammer yn Noarwegen.

Yn totaal sitte der fiif Nederlânske bobsliders yn it team fan bûnscoach Tom de La Hunty. Sy traine mei-inoar en begjinne oer in moanne oan it wrâldbekerseizoen yn Lake Placid yn de Feriene Steaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)